2022-12-02 12:08:45
vrijdag 2 december 2022

Berjocht fan Toanielferiening Fordivedaesje

De tiid hâld gjin skoft.

It is al wer mear as in heal jier lyn dat wy “It Deiboek fan Anne Frank” spyle ha en wy binne noch altyd tige grutsk op wat wy doe delsetten ha. Wy ha ein juni mei de spilersploech de filmbylden besjoen, al sa prachtich! En op 1 oktober ha wy mei in hapke en in drankje it hiele produksjeteam betanke foar harren bydrage. Spitigernôch koe net elkenien op dy dei der by wêze en dêrom ha wy foar de absinten noch in lyts aardichheitsje lizzen dat mei koarten harren kant út komt.

Noch mar in kear tige tank foar alle war dy’t elkenien dien hat foar dit yndrukwekkende barren. Dat jildt ek foar de minsken efter de bedriuwen en ynstânsjes dy’t ús stipe ha mei it beskikber stellen van romte, helpende hân, jild, materiaal of oar guod: Paul Brunsmann fan Brunsmann Jacht- en ScheepsExperts, Sybolt Kuipers fan CBS It Harspit, Jehannes Bouwhuis fan JB Interieur- en Meubelbouw, Anita Feenstra fan Top HairHairfasion, Anne Visser fan MFC It Harspit, Fokko en Mirjam van der Meer fan Houthandel Sneek, Tjeerd Broekhuizen fan Tjeerd Broekhuizen AV Services, Wijbren Bergsma fan ProVisie, Lewien Rouw fan it Anne Frank Huis, Amadeus Heemsbergen fan Gemeente Súdwest Fryslân.  Én fansels alle minsken wêr’t wy guod fan brûke mochten om ús dekôr sa folle moochlik op It Achterhûs lykje te litten. Tige, tige tank. Sûnder jim bydrage hie it stik net sa moai west as it no wie!

En no fierder want de tiid hâld gjin skoft.  Oankommend jier, om krekt te wêzen yn maart 2023, wolle wy as it heal kin in Ienakterjûn hâlde. It doel is om dan twa fleurige ienakters foar jim oer it fuotljocht te bringen. Neiere ynformaasje hjiroer folget meikoarten, hâld dêrom dizze side yn ‘e gaten.

Fanwegen de Coronaperikelen en dernei de tariedings foar “It Deiboek fan Anne Frank” ha wy de ôfrûne pear jier gjin ledengearkomsten holden. Wy binne fan doel dit yn april 2023 wer op te pakken. Datselde jildt foar it ynsammeljen fan de kontribúsje: dat wie der yn de Coronatiid ek wat by bleaun wêrtroch wy pas ôfrûne maaie de kontribúsje foar seizoen 2020 / 2021 ynsammele ha. Sa as yn maaie al oankundige ynkassearje wy dit jier ek noch de kontribúsje foar it seizoen 2021 / 2022, sa dat wy dan wer op ‘e regel binne.

Toanielferiening Fordivedaesje bloeit noch altyd, al mear as 45 jier. Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs, en der komme stadichwei nije leden by. As jo noch nét lid binne of jo tinke: “Dat is ek wol wat foar my, ik soe ek wolris spylje wolle of ik soe it bestjoer wol helpe wolle”, dan heare wy dat hiel graach fia in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com of in tillefoantsje nei 06-18631689.

It is no Sinterklaas-tiid, aansten gau Kryst en dêrnei Âld & Nei. In drokke en gesellige tiid. Wy winskje elkenien in hiele protte wille en wy hoopje jim kommende maaitiid te sjen by ús Ienakterjûn!

It bestjoer fan Toanielferiening Fordivedaesje.



advertentie