Dit betsjut dat der in funksje frij is en dêrom binne de follyballers op syk nei in nij bestjoerslid. Ek is der ferlet fan treners, skiedsrjochters en oare frywilligers. Is dit wat foar dy, meld dy dan oan.
Follybalferiening Top en Twel is in tige gesellige en aktive feriening mei sportive ambysjes wêrst dy fuortendaliks thús fielst. Mei dyn ynset soargest derfoar dat de 86 leden gewoan follyballe bliuwe kinne.
De thúswedstriden wurde meastentiids op freedtejûn spile yn It Harspit. Komris del om yn de kunde te kommen. "Sûnder jim kinne wy net", sa litte de follyballers fan Top en Twel witte.