Justerjûn wie de try-out fan 'It Deiboek fan Anne Frank' foar de learlingen fan CBS It Harspit. Wy kinne jim no al ferklappe dat de skoalbern, dy't it ferhaal fan Anne Frank fansels wol kinne, djip ûnder de yndruk wiene fan de foarstelling. It wie dan ek mûsstil yn de grutte seal fan it Harspit. Se fûnen it prachtich.
Fordivedaesje lit fierder witte dat der noch kaarten te krijen binne foar it stik en dan mei namme op snein 1 maaie en woansdei 4 maaie. Sjoch op https://fordivedaesjetopentwel.nl/ foar mear ynformaasje oer de kaartferkeap.