Op syk nei in better bestean
Foar in grut tal Top en Twelsters sil De Emigrant tige werkenber wêze. Ek yn ús doarpen binne yn de foarige ieuw in soad minsken emigrearre, soms sels grutte gesinnen. Op syk nei in stikje aventoer, mar foaral in better bestean gongen se nei Kanada en Amearika, mar ek nei Brazilië, Australië of Nij Seelân. Sûnder de kommunikaasjemiddels dy't wy no kenne, wiene dizze minsken fan de iene op de oare dei gjin diel mear fan ús doarpsmienskip. Wy en mei namme de no jongere generaasje kin him miskien hast net mear foarsstelle hoe't dat west hat.
De Emigrant
Haadrolspiler Sybolt de Haas is ek sa'n emigrant, krekt as de Top en Twelsters fan doe. Mar it stik hat ek in djippere laach, want altyd binne minsken al ûnderweis west op syk nei in better bestean en in bytsje mear gelok. Ek hjoeddedei noch, al stiet it no miskien wat fierder fan ús ôf omdat it net mear ús eigen geasters binne, mar tichtby en aktueel is it noch hieltyd.