It ferskaat oan winsken is grut. Soms hiele praktyske winsken, mar ek betterskipswinsken of winsken mei in persoanlike boadskip. Yn totaal binne it der 127, wêrfan in soad fan ús skoalle. In oantal fan dizze winsken binne ek yn ferfolling gien. Hokker winsken dit binne, wurdt jûn ûnder de Krystnachttsjinst bekend makke. Dêr binne ek filmopnames fan makke. Sûnder mis sil de tsjerke yn de Krystnacht grôtfol sitte. Kinne jim hjir net by wêze dan is dizze te folgjen op YouTube. De tsjinst begjint om 21.30 oere.
De winskkrystbeam is net allinnich in aksje fan de tsjerke. Yn gearwurking mei doarpsbelang en de ûndernimmersferiening is de aksje 'Doe een wens' foar de ynwenners fan Top en Twel op tou setten. In bysûnder en oangripend projekt, sa lit ek de organisaasje witte. Sy wienen juster tige wiis mei de opkomst yn de tsjerke, wêr 't ek meisongen wurde koe mei de prachtige krystlieten dy't FAME (Fimmy, Maaike en Esther) hearre lieten.