2023-12-27 17:47:23
woensdag 27 december 2023

Marije mei ‘Wyn en wetter’ op nûmer 26 yn de Fryske top 100

As nijkommer yn de Fryske top 100 fine wy Marije Overwijk-Pander werom op it 26e plakje mei har simmerhit 'Wyn en wetter'. Wat ús oanbelanget in prima debuut, omdat der dit jier mar leafst 24 nije nûmers op de list te finen binne.

De kampanje mei flyeraksje om Marije sa heech mooglik yn de Fryske top 100 te krijen hat dus fertuten dien. It hat in protte stimmen opsmiten.

Op âldjiersdei wurdt de Fryske top 100 útsjoerd troch Omrop Fryslân. Dan wurdt ek de top 10 bekend makke en wa't op nûmer 1 bedarre is. De nûmers 100 oant en mei 11 fine jim al op de webside fan Omrop Fryslân.


advertentie