In lytse hûndert meter fierderop hinget it skilderij no thús oan de muorre by Ytsje Soeten. Hiel bysûnder fûn âld doarpsgenoat Geert Wijnja. Hy mocht der in foto fan nimme en nei Topentwelonline tastjoere. Wijnja hat de foto sels wat bewurke, sadat it skilderij noch moaier 'út de ferve' komt. Us tank is grut!
‘Twellingea oan de muorre yn Twellingea’
Dit skilderij fan Twellingea is makke troch Klaas Visser yn 1936. It wie yn de lêste jierren fan it pontfear oer de Brêgesleat fan de Buorren nei it Súdein, want yn 1940 waard de pont út de feart helle. Doe wie al in begjin makke mei de bou fan de hege brêge oer it Prinses Margrietkanaal, wêr Visser de earste brêgewipper fan wie.