2024-07-22 22:21:57
woensdag 24 juli 2024

Switchbone opnij yn it Rock Café

Nei it sukses fan ferline jier is de rockband Switchbone út Top en Twel werom yn it Rock Café yn Snits. Dat wurdt sûnder mis wer in âlderwetsk gesellige jûn mei live muzyk út eigen doarp en eltsenien is fansels fan herte wolkom.

Neist Switchbone sil ek de band Ash Grey Sunray in optreden jaan. Noch gjin plannen foar it wykein? Kom dan sneontejûn 27 july nei it Rock Café. It begjint om 22.00 oere en de tagong is fergees.


advertentie