2025-01-27 21:35:48
woensdag 29 januari 2025

Jubileum foar it Durk de Jager trijebander toernoai

Salang at it my heugt hat de biljertsport yn Toppenhuzen en Twellingea tige populêr west. Lang lyn waard yn de ferieningsgebouwen, mar ek by guon minsken thús op lytse tafelbiljertsjes fûleindich striden foar de winst.

Durk de Jager
Yn Twellingea wenne in jongfeint dy't sa wei wie fan biljerten dat er sels in tafel oanskafte. Doe't der in âld wente leech kaam oan de Buorren waard dat it plak wêr't it biljert kaam te stean. Troch de frije ynloop wie der safolle flecht op'e koai dat je wol sizze kinne dat dit in basis foarme foar de fierdere ûntwikkeling fan de biljertsport yn de doarpen. De jongfeint dy't dit op gong brocht wie Durk de Jager.  

Club-kompetysje en twakampen
Doe't Tjitte en Douwina it kafee oernamen, waard al rillegau it lytse biljert ferfongen troch in folweardich eksimplaar. De reaksjes fan de leden fan de fjouwer kafeeclubs wiene ferdield, mar se wenden der rap oan. It animo en it nivo gong omheech. Net allinne waard in club-kompetysje spile, mar ferskate ferienings holden ek ûnder inoar twakampen. Geselligens en ferdivedaasje fierde de boppetoan. 

Trijebanderjen
Ein sântiger jierren fûnen inkelden fan de betûftere spylders dat njonken it libre spul trijebanderjen faaks ek wol de muoite fan it prebearjen wurdich wie. En wêrom dan net in toernoai foar alle leden fan de pleatslike biljertclubs organisearje? It soe grif de ûnderlinge kompetysje en it nivo fersterkje. It inisjatyf kaam fan niisneamde Durk de Jager, sels in poerbêste biljerter. It wie in hiel och heden om de organisaasje rûn te krijen, mar it waard in daverjend sukses op dat iene biljert dêr't de dielnimmers it mei dwaan moasten.

Om nei út te sjen
En sa is oan hjoed de dei ta alle jierren (útsein mei de Covid ûnderbrekking) it trijebander toernoai yn it kafee wer in barren om nei út te sjen. Yn de earste jierren, sûnder ynternet, hie de wedstriidkommisje oare taken as no. Der is in soad feroare en makliker wurden, mar dat it minder wurk is wol ik net leauwe, want it freget noch hieltyd folsleine ynset en in soad tiid. Dêrom is it op syn plak om alle kommisjeleden, fan doe en no, in grut komplimint te meitsjen foar harren krewearjen.

Postúm earbetoan
Dit jier is it de 25ste kear dat ûnder de namme 'Durk de Jager' it toernoai spile wurdt. It wie in treflik beslút fan de kommisje fan doe om it dy namme te jaan. In hiel moai postúm earbetoan oan de man dy't net allinne sels in bêste biljerter wie en oan de basis stie fan it toernoai, mar ek altyd ree wie om op in noflike wize oaren te helpen better te wurden. Durk wie in promotor foar de sport en fan syn inisjativen ha de biljertleafhawwers yn ús doarpen noch hieltyd profyt.

Trije generaasjes
Yn dit jubileumjier wurde de prizen beskikber steld troch syn famylje en krijt eltsenien in oantinken oan it toernoai. Dat it ek dizze kear wer in sukses wurdt stiet eins al fêst, want mei 64 dielnimmers wêrûnder trije generaasjes 'de Jager' (Durk syn broer Douwe mei soan Anne en pakesizzer Douwe), kin dat net misse.

Geselligens en ferdivedaasje
Yn de rin fan de jierren is der in soad feroare. It oantal biljerttafels is, mei 'it Harspit' derby en partikulieren dy't ien oanskaft ha, mear as ferdûbele. Kommisjeleden, dielnimmers en kastleins komme en gean, mar ien ding bliuwt; kommende wykeinen fiere geselligens en ferdivedaasje wer de boppetoan yn it kafee oan de Buorren.
                                                                                                                                      t.b



advertentie