"Wy rinne tsjin in hege enerzjypost oan", seit foarsitter Jappie Wijnja fan it multyfunksjoneel sintrum. "It is in grut gebou en we hawwe in behearder dy't we betelje moatte; dat binne dochs wol flinke útjeften." En dat wylst it MFC al in drege tiid efter de rêch hat mei it coronafirus en de enerzjykrisis.
Minsken út Toppenhuzen en Twellingea kinne no 'Vriend van It Harspit' wurde mei in donaasje fan 5, 10 of 20 euro yn it jier. "Wy fregen ús as bestjoer ôf: wat kinne we dwaan om noch wat jild op te heljen, sûnder dat we de konsumpsjepriis hielendal troch it dak gean litte?" Sa ûntstie it idee fan de donateursaksje. "As je wat foar it doarpshûs oer hawwe, dan jout dat ús ek it gefoel dat de bining der is", fertelt Wijnja.
"Alles helpt"
De aksje rint goed oant no ta. "It falt ús 100 punten ta hoe trou oft minsken binne oan It Harspit. We hienen al in moaie donateurslist en we besykje no ek nije minsken entûsjast te meitsjen om mei te dwaan."
It is trouwens net sa dat It Harspit fallyt giet as der te min donateurs meidogge. "It is nuttige stipe en it jout ek bining mei it doarpshûs, mar it is net sa dat wy oars yn ien kear omfalle", stelt Wijnja. "Mar jo moatte dan noch hoedener mei jo ynkomsten omgean. Dat is in útdaging. Alles helpt mei, dus dit ek."
Oars nei Snits of De Jouwer
Wijnja hopet dat It Harspit noch lang bestean bliuwe kin. "Der wurdt in protte sport en der binne allerhande aktiviteiten, ek foar âldere minsken. Yn de jûnen binne der in protte gearkomsten en oerdeis besykje we kommersjele aktiviteiten binnen te heljen om de eksploitaasje rûn te krijen. Oars binne se allegear oanwiisd op Snits en De Jouwer.
Sjoch foar it fideoferslach de webside fan Omrop Fryslân.
Boarne: Omrop Fryslân