2025-01-18 15:53:09
zondag 19 januari 2025

Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel siket spilers

Nei it grutte sukses fan “It Deiboek fan Anne Frank” is it in skoft stil west op it mêd fan toaniel yn Toppenhuzen en Twellingea. Mar no is it bestjoer fan Toanielferiening Fordivedaesje Top & Twel dochs al wer in setsje dwaande mei de tariedings foar in nij teaterspektakel.

Sa ha wy foar kommende neisimmer in prachtich en oandwaanlik toanielstik op in skitterende iepenloftlokaasje  yn de omkriten fan Top & Twel foar eagen. Foar toanielstikken hast fansels toanielspilers nedich. En dy kinne wy op dit stuit mar dreech fine:

Sa sykje wy foar it iepenloftstik yn septimber foar de froulike haadrol in spylster fan 55 – 70 jier.


Bisto dy toanielspylster en hast tiid en nocht om mei ús te spyljen yn septimber? Belje dan eefkes mei 06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Wy tinke dat it yn Top & Twel optilt fan talintfolle toanielspilers en -spylsters (want dat hat altyd al sa west) en wy wolle graach mei harren yn de kunde komme. Jong as âld, mânlju as froulju, mei as sûnder ûnderfining: ast graach ris meispylje wolst yn ien fan ús toanielstikken dan hearre wy dat graach!

Ek ast it toanielspyljen net sa sitten sjochst mar do wolst ús wolris helpe bigelyks as ynstekker, toanielbouwer, technikus, klaaier, grimeur, bestjoerslid, manusje-fan-alles, ensfh … dan wolle wy dat hiel graach witte.  Stjoer dan in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com of in berjochtsje yn Whatsapp of in tillefoantsje nei  06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Oant sjen en groetnis fan Toanielferiening Fordivedaesje


advertentie