2025-02-02 12:43:59
zondag 2 februari 2025

Biljertstriid yn it kafee!

Dei trije fan it Durk de Jager trijebander toernoai is alwer uteinset. Hjoed wurde de lêste partijen yn de foarrondes spile en wurdt ek bekend wa't him of har pleatst foar it finalewykein. Ha jim nocht om eefkes del te kommen, fiel jim wolkom. Der is net allinne striid op it biljertlekken, it is ek in sosjaal barren mei in soad geselligens.

 It wedstriidskema en de útslaggen steane, sa at jim went binne, wer op Topentwelonline.nl. Takom wykein binne de finales. 


advertentie