Hjoed weagden 14 einepykjes de sprong yn it djippe en Franke wie der fannemoarn krekt as de goes sels ek by om syn sneinsberntjes yn de gaten te hâlden. Op Peaskesnein en ek noch ûnder de preek, dat moat goed komme mei dizze einepykjes soenen jo sizze. Mar de natuer hâldt dêr fansels gjin rekken mei. Sa lyts en tear is der noch in hiele wei te gean...
Peaskepykjes op de Tsjerkebuorren
Dit maitiidstafriel op de Tsjerkebuorren hawwe wy earder sjoen, mar wat bliuwt it prachtich! De einekoer yn de sleat by Franke Wijnia en Hittina Epema, neist de eardere Lantearne, is al in pear jier in populêr briedplak foar deselde eintsjes. Se dogge dat net allinnich, mar ûnder tafersjoch fan in himsels beneamde mantelsoarger, nammentlik in tamme goes.