2024-07-15 19:28:06
maandag 15 juli 2024

Bildstars te keap yn it Plattelânswinkeltsje

Net iens fan de klaai, mar gewoan út de eigen grientetún hat it Plattelânswinkeltsje Bildstars te keap en neffens eigen sizzen is it in 'super rispinge'.

De jirpels sjogge der ek prachtig út, mar de foarrie is net sa hiel grut, dus wês der gau by. En oars is der fierder noch wol fan alles te keap yn it winkeltsje oan de Eastwei. It is simmer en hast fakânsje, in goeie reden om eefkes del te kommen.


Geplaatst door: Plattelânswinkeltsje

advertentie